Enerzjyneutrale hûzen Kollum

25 feb 2007 - 11:19

Yn de wenwyk Westenstein II yn Kollum komme twa enerzjyneutrale hûzen te stean. Twa boubedriuwen ha de nijste snufkes deryn tapast. Alles is bedoeld om safolle mooglik enerzjy te besparjen. Sa hat ien hûs in serre mei sinnesellen, foar it opwekken fan elektrisiteit en wurdt ierdwaarmte brûkt foar de ferwaarming en kuolling fan it hûs.

De hûzen wurde presintearre op beurs Huis en Tuin yn it WTC yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)