Enerzjyneutraal bouwe Skylge

04 sep 2014 - 15:39
  • Gemeente Skylge

Keapers fan in boukavel op it nijbouplan West Aleta op West-Skylge kinne jild weromkrije wannear't se harren hûs enerzjyneutraal bouwe litte. Sa wol de gemeente enerzjybesparjende maatregels stimulearje. Skylge hat as doel om yn 2020 selsfoarsjennend te wêzen op it mêd fan enerzy en wetter.

It tapassen fan enerzjybesparjende foarsjennings by nijbouwennings moat dêr in wichtige bydrage oan leverje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)