Enerzjylabel foar gemeentehûs

01 nov 2007 - 10:41

It gemeentehûs fan Kollumerlân hat as earste fan Fryslân in enerzjylabel krigen. Mei it label wurdt oanjûn hoe enerzjysunich in gemeentehûs is. It enerzjyferbrûk wurdt dêrta ûndersocht troch it bedriuw Invent.

Kollumerlân hat in B-label krigen. Dat betsjut dat it gemeentehûs ridlik enerzjysunich is. Om in A-label te krijen moatte ûnder oare noch sinnepanielen pleats wurde. Doel is dat yn 2011 te dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)