Enerzjyferbrûk op Funda

15 feb 2010 - 20:32
  • Net allinnich de priis fan it hús, mar ek de enerzjelesten moatte op Funda en Jaap

De provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte trune der by huzesites lykas Funda en Jaap op oan om tenei net allinnich de keappriis, mar ek de moanlikse lesten foar gas, wetter en ljocht te fermelden. Neffens de provinsjes soe dat der ta liede moatte dat minsken earder in duorsum, goed isolearre hûs keapje.

De provinsjes kinne de sites lykwols net ferplichtsje om soks te dwaan, se kinne it har allinnich driuwend freegje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)