Enerzjybeurs yn Wommels

21 jan 2008 - 15:24
  • Wethâlder Doting joech de earste sparlamp oan Saskia Kronemeijer út Wommels

Der is in soad belangstelling foar de spesjale enerzjybeurs fan de gemeenten yn Noardwest-Fryslân. De beurs toert al in tal wiken by ferskate gemeenten del. Moandei is Littenseradiel oan bar. Doel is minsken bewust te meitsjen fan de mooglikheden fan enerzjybesparring.

Op de beurs binne sparlampen te sjen, mar ek ynformaasje oer sinnepanielen en flierferwaarming. De beurs docht ek gemeenten yn de Súdwesthoeke oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)