Enerzjy út urine opwekke

26 apr 2013 - 17:08
  • Laboratoarium Wetsus

Enerzjy meitsje troch te pisjen, dat is meikoarten mooglik yn hûs. Alteast as it oan de wittenskippers fan Wetsus leit. Wetterynstitút Wetsus is al in pear jier dwaande mei it ûntwikkeljen fan in technyk om enerzjy út urine te heljen. It ûndersyk is no safier dat se it ek yn praktyk útteste kinne. Yn it manljushúske fan it Wetterskipgebou yn Ljouwert is in proefopstelling makke. Dêr wurdt de kommende fjouwer jier besjoen hoefolle enerzjy oft it krekt opsmyt en oft it helber is om it systeem op de merk te bringen.

De ferwachting is dat it yn alle gefallen geskikt is foar grutte nijbouprojekten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)