Enerzjy opwekke mei draken

27 jan 2006 - 16:27

De Technyske Universiteit Delft wol fan dizze simmer ôf yn it Lauwersmargebiet enerzjy opwekke mei draken. Dat makke professor Wubbo Ockels freed bekend yn Snits.

Dêr presintearre ROC De Friese Poort de earste ûntwerpen foar in sinneboat. Dy sil meidwaan oan de Frisian Solar Challenge, in race fan boaten op sinne enerzjy troch Fryslân. Draken wekke de enerzjy op op it stuit dat se nei ûnderen falle en de wyn se wer optilt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)