Energy Valley nei Dútslân

04 feb 2014 - 20:54
  • Solar Valley Dútslân

Deputearre Hans Konst en wethâlder Isabelle Diks bringe tongersdei en freed in wurkbesite oan Nedersaksen yn Dútslân om te sjen oft der ek mear gearwurking mooglik is op it mêd fan enerzjy en ynnovaasje. Konst en Diks dogge dit mei de oare deputearren en wethâlders fan Energy Valley, it gearwurkingsferbân fan de trije noardlike provinsjes en Noard-Hollân.

Yn Dútslân wurdt sjoen by ferskate bedriuwen dy't harren mei duorsumens dwaande hâlde en wurdt praat mei ûnder oaren Umweltminister Stefan Wenzel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)