'Energiesprong' foar Ljouwert

11 jul 2013 - 20:08

In groep fan 27 wenningeigeners yn Ljouwert krijt 8.000 euro subsydzje fan it lanlik ynnovaasjeprogramma Energiesprong. Foar dat jild moatte se harren hûs 80% enerzjysuniger meitsje. Dat kin troch bygelyks bettere isolaasje oan te bringen of sinnepanielen op it dak te lizzen. Omdat dat in soad jild kostet kinne de wenningeigeners ek noch in tydlike liening krije fan de gemeente en de provinsje.

Mei dit projekt wol Energiesprong sjen litte dat in besparring fan 80% helber is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)