Eneco-meiwurkers nei Kabel Noord

13 des 2006 - 10:21

Kabel_Noord nimt tsien meiwurkers oer fan Eneco_Energie yn Dokkum. Beide bedriuwen wurkje in soad gear.

Kabel_Noord bestege de bedriuwsfiering fan it kabelbedriuw in skoftlang út oan Eneco. Omdat Kabel_Noord dat tenei sels docht, nimt it ek it personiel fan it kabelbedriuw oer. Fakbûnen en meiwurkers binne akkoart. Kabel_Noord ferwachtet takom jier fierdere útwreiding fan it personeelsbestân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)