Empatec wol nijbou op De Gie

21 feb 2003 - 00:00

Sosjale wurkfoarsjenning Empatec yn Frjentsjer wol in nij gebou fan 5000 fjouwerkante meter bouwe op it nije bedriuweterrein De Gie. Yn it nije gebou is plak foar 250 meiwurkers. Der wurkje no 200 minsken by Empatec.

De nijbou moat foar in part betelle wurde út wentebou op de âlde lokaasje. Dêrfoar moat it bestimmingsplan noch wizige wurde. Der binne trije partijen, wêrûnder twa projektûntwikkelders, dy't de huzen bouwe wolle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)