Empatec moat besunigje

20 sep 2007 - 19:09

De organisaasje fan de sosjale wurkfoarsjenning Empatec yn Frjentsjer wurdt takom jier tsjin it ljocht hâlden. De wurkfoarsjenning krijt hieltyd minder jild fan de gemeenten en moat dêrom snije yn de organisaasje. Sa'n 25 banen driigje hjirtroch ferlern te gean. Der folle lykwols gjin twongen ûntslaggen. De minsken dy't derút moatte, streame earder út.

Yn it fabryk wurde û.o. meubels makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)