Empatec leveret oan Spelen

16 mrt 2012 - 17:29

De siergerskwekerij fan Empatec mei 40.000 gersplantsjes leverje oan Londen foar de oanklaaiïng fan it Olympysk Stadion. Empatecs nije kas fan 18.000 fjouwerkante meter wurdt op freed 23 maart offisjeel iepene. Der wurkje 45 minsken by it bedriuw dat fjouwer miljoen plantsjes yn it jier ferhannelet. Dêrmei is it de grutste siergerskweker fan Europa. Doel is om it tal op te krikken nei seis miljoen, It sjoch der goed út. Der komt in grutte opdracht út Frankryk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)