Emoasjes oer Suderseeline

12 maaie 2006 - 11:58

In goede 50 minsken hawwe tongersdeitejûn yn Drachten reagearre op it foarnimmen fan it kabinet om gjin Suderseespoarline oan te lizzen. De emoasjes rûnen soms heech op.

Sa waard der troch ûndernimmers en ynwenners wiisd op it ferbrekken fan de belofte dat der in snelle ferbining nei de Rânestêd komme soe en waarden der fraachtekens set by de berekkening. Takom wike is der noch in ynspraakjûn op It Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)