Emoasjes boukontrakt De Jouwer

06 mrt 2013 - 00:48

De gemeente Skarsterlân hat tiisdeitejûn mei alle belutsen partijen it kontrakt tekene foar de bou fan in nije brede skoalle op De Jouwer. It kontrakt is kontroversjeel om't it gund is oan boukombinaasje Facilicom út Schiedam. En dat wylst Fryske boubedriuwen it wurk sa goed brûke kinne.

Yn de nije skoalle komme ferskate skoallen byelkoar ûnder ien dak mei de berneopfang en tal fan oare ynstellings. Wethâlder Jan Benedictus is bliid dat de nije skoalle der komt. Hy begrypt dat de emoasjes. Neffens him sil 60% troch Friezen dien wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)