Emoasje rint op by CDA-kongres

02 okt 2010 - 13:00

It CDA-kongres yn Arnhem smyt sneon bytiden emosjonele reaksjes op fan de leden. De leden prate oer it regear- en gedooachakkoart mei de VVD en PVV. Ut hiel Nederlân binne de CDA'ers kommen. Der binne in lytse 5000 minsken. Ek út Fryslân wei binne in soad Fryske CDA-ers nei it kongres ta.

Yn alle regio's hat it CDA freed in foarbesprekking hân oer it akkoart. Yn Drachten wiene 350 minsken oanwêzich. It Fryske CDA-bestjoer tinkt dat 30 prosint tsjin stimme sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)