Emmen - SC Cambuur ôflast

07 des 2012 - 11:41
  • SC Cambuur

De kompetysjewedstriid tusken FC Emmen en SC Cambuur giet jûn net troch. Freedtemoarn om 11 oere is it fjild keurd troch Jochem Kamphuis fan it KNVB en hy hat besletten dat der net fuotballe wurde kin.

Tongersdei lei op it haadfjild in snielaach fan sa'n 3 sintimeter, dêr is noch folle mear bykaam. Ek de wedstriid Telstar - De Graafschap giet fanwege it winterwaar net troch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)