Emmen - Cambuur giet net troch

11 mrt 2013 - 12:10
  • SC Cambuur

De wedstriid tusken FC Emmen en SC Cambuur fan moandeitejûn giet net troch. Fanwege de minne kondysje fan it fjild yn Emmen is de wedstriid al foar de tredde kear dit seizoen skrast. Dat hast de Drintske fuotbalklup moandei bekend makke.

Trainer Alfons Arts fan Cambuur hat begryp foar it beslút, mar fynt it fierder wol ferfelend dat der net fuotballe wurde kin. Sa krijt Cambuur net de kâns om wedstriidritme op te dwaan. Boppedat betsjut it in swier programma mei ynhelwedstriden letter yn it jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)