Emmeloard moat by Antonius

28 okt 2008 - 13:15

It Antonius Sikehûs yn Snits moat it sikehûs fan Emmeloard oernimme. Dat meldt de NOS. It giet om in advys fan Leon Lodewick yn opdracht fan alle belutsen partijen by de sikehuzen. Neffens Lodewick moat der in ein komme oan fúzje tusken de sikehuzen yn Emmeloard en Lelystêd en moatte beide sikehuzen oernommen wurde.

It Antonius is posityf oer in gearwurking mei it streeksikehûs fan Emmeloard. It krijt no al in soad pasjinten út de Noardeastpolder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)