Emigrantepear wol hjir bliuwe

05 jul 2000 - 12:20

It Fryske emigrantepear Wietze (73) en Grietje (70) Toussaint-Kleijnstra wol net werom nei har Amerikaanske wenplak Milford. Se ferbliuwe yn it ramt fan Simmer 2000 no yn harren eardere wenplak Marssum en fine it dêr sa gesellich dat se yn Fryslân bliuwe wolle.

It echtpear hat yntusken alles yn Amearika al ferkocht en is dwaande in ferbliuwsfergunning te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)