Emailaksje tsjin ûntslach Eringa

20 jul 2001 - 00:00

De gemeente Ljouwert hat de ôfrûne wiken in soad protest-emails krigen tsjin it ûntslach fan trou-amtner Nynke Eringa. Frou Eringa wol út prinsipe gjin homohouliken slute.

De gemeente Ljouwert hat dêrom koartlyn besletten de amtner dien te jaan. De ôfstjoerders fan de emails hawwe yntusken allegear berjocht werom krigen. De gemeente werhellet dêryn har stânpunt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)