Elyounoussi nei Lillestrom

19 feb 2010 - 11:46
  • Tarik Elyounoussi wurdt ferhierd (foto: SC Hearrenfean)

Tarik Elyounoussi ferlit SC Hearrenfean en wurdt de twadde seizoenshelte ferhierd oan it Noarske Lillestrom. De miljoene-oankeap wol yn syn heitelân oan fuotbaljen takomme en hopet sa takom seizoen syn belofte yn te lossen.

Neffens algemien direkteur Yme Kuiper hat Elyounoussi sels oanjûn om ferhierd te wurden, mar leit syn takomst by SC Hearrenfean. It kontrakt fan de twafâldich ynternasjonal rint noch trije jier troch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)