Eltse 3 jier iepen dei basis

17 nov 2008 - 14:09

Definsje wol dat der ien kear yn 'e trije jier in iepen dei op de fleanbasis yn Ljouwert is. Definsje komt net temjitte oan it fersyk fan 'e gemeente Menameradiel om de iepen dagen om de fiif jier te hâlden.

De luchtmacht wol alle jierren in iepen dei ha, mar der binne mar twa oare fleanbasissen dêr't iepen dagen hâlden wurde kinne. Omdat Gilze-Rijen de ôfrûne jierren net beskikber wie, moast ûnder oare de fleanbasis yn Ljouwert faker brûkt wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)