Elslo yn aksje foar doarpshûs

30 sep 2009 - 21:51
  • De ried wol gjin MFC yn Elslo mear ha

Elslo driget in spoekdoarp te wurden no't de gemeente in streek set troch it nije multyfunksjoneel sintrum. Dat seit Pleatslik Belang Elslo.

Yn it multyfunksjoneel sintrum soene it pjutteboartersplak en ferskate sportferienings komme. Der is jierren oan de plannen wurke, mar sûnt ferline wike wurket it kolleezje fan Eaststellingwerf der net mear oan mei. It doarp is bang foarsjennings te ferliezen omdat der gjin akkommodaasje is. It doarp riedt aksjes ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)