Elske DeWall lansearret har nije album Velvet Soldier

22 jan 2016 - 14:48

Sjongeres Elske DeWall hat freed offisjeel har nije album Velvet Soldier útbrocht. It is it tredde album fan de sjongeres út Raerd. Spesjaal foar de premjêre tongersdei yn De Harmonie yn Ljouwert oerhandige Hugo Hoeksma fan platelabel About Neo de earste plaat oan Elske. De earste single fan it album is Black Water. Dizze plaat is yntusken opnaam yn de playlist fan NPO Radio 1.

Tiisdei spilet de band fan Elske by it radioprogramma Evers Staat Op by radiostjoerder 538.

Sneon 30 jannewaris is de sjongeres mei har band te gast yn it Tros Muziekcafé op NPO Radio 2. Elske DeWall toert mei har show Velvet Soldier troch hiel Nederlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)