Elma de Vries wint sulver

23 jul 2008 - 15:05
  • Elma de Vries twad op 1000 meter op EK

Elma_de_Vries, earder fan De Haule, hat woansdei sulver helle op de 1000 meter by it EK-skeelerjen op de baan yn Dútslân. De Vries moast de Italjaanske Nicoletta Falcone foargean litte.

Ferline jier waard De Vries kampioen op it ûnderdiel. It EK-skeelerjen duorret noch oant en mei snein. It sulver fan Elma de Vries is de earste medalje dy't Nederlân hellet op it kampioenskip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)