Elma de Vries wint maraton

19 des 2005 - 13:21

Elma de Vries hat snein de Greenery- fjouwerdagewedstriid yn styl ôfsletten. De klassemintsliedster fan De Haule hie foar de finalerace yn Alkmaar in 10de punt foarsprong op ploechgenoate Daniëlle Bekkering. Elma de Vries wie de snelste yn de massasprint. Bekkering waard twadde en Linda Verdouw tredde.

Yn de slotetappe sieten net in soad spannende mominten. De Vries (22), wrâldkampioene by de junioaren yn 2002, wûn mei gemak de massasprint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)