Elma de Vries wint maraton

20 okt 2012 - 22:13

Elma de Vries hat yn Utrecht de twadde wedstriid om de KPN Maraton Cup wûn. Yn de finale wie de âld-Haulster de rapste fan in kopgroep fan alve froulju.

Rixt Meijer fan It Hearrenfean boude yn dy finale in flinke foarsprong op, mar moast yn it lêste rûntsje dochs belies jaan. Se einige as sechsde. Maria Sterk fan Hallum waard twadde, Foske Tamar van der Wal fan Grins tredde. It oranje liederspak gong nei Mariska Huisman. Huisman waard fjirde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)