Elma de Vries wint Haaksbergen

18 des 2009 - 20:59
  • Trilogy Elma de Vries (foto: KNSB)

Elma de Vries hat freedtejûn de maraton op it natoeriis fan Haaksbergen wûn. Yn de massasprint wie se krekt rapper as Mariska Huisman en Chris Witty.

Foar Elma de Vries wie it nei de wrâldbekerwedstriden yn Calgary en Salt Lake City in weromkommen yn it maratonpeloton. De âld-ynwenster fan De Haule woe beslist meidwaan, ek al omdat se de beide foarige edysjes wûn. Elma de Vries kin har no klearmeitsje foar it Olympysk kwalifikaasjetoernoai.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)