Elma de Vries twad op Weissensee

31 jan 2005 - 16:22

Reedriidster Elma de Vries út de Haule is moandei twadde wurden by in kriterium oer tritich kilometer op de Weissensee. De race waard yn de einsprint mei in kompleet peloton wûn troch Daniëlle Bekkering út Den Ham.

By de manlju dienen de Friezen it sa goed net. Yn harren kriterium oer fjirtich kilometer wie Peter de Vries út it Hearrenfean mei in sande plak de bêste provinsjegenoat. De oerwinning gie nei Erik Hulzebosch út Loozen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)