Elma de Vries tsiende op 3 km

10 jan 2009 - 17:08
  • Elma de Vries (Foto: Martin de Jong)

Op it Europeesk kampioenskip allround reedriden wûn Claudia Pechstein sneon de trije kilometer by de froulju yn in tiid fan 4.04,41. Dat die se foar Daniela Anschütz en Paulien van Deutekom. De tiden fan Anschütz en Van Deutekom wiene: 4.04,97 en 4.05,24.

Dizze trije froulju nimme yn deselde folchoarder ek de lieding yn it algemien klassemint. Elma de Vries waard tsiende yn in tiid fan 4.13,42. Sy stiet nei twa ôfstannen op it achtste plak yn it klassemint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)