Elma de Vries skeelert sterk

24 apr 2011 - 15:55

Elma de Vries, oarspronklik fan De Haule, is it skeelerseizoen goed út ein set. Ferline wike wûn De Vries al in ynternasjonale wedstriid yn it Dútske Gross Gerau en sneontemiddei wie se de sterkste yn it klassemint op de 1 kilometer yn Puttershoek.

De Friezinne om utens wûn fierders de ôffalrace. Op it nij ûnderdiel sprint oer 100 meter, waard Elma de Vries twad efter winnares Bianca Roosenboom.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)