Elma de Vries opnij twadde

04 aug 2004 - 18:16

Elma de Vries fan De Haule hat tiisdeitejûn foar de twadde kear op rige krekt gjin Europeeske titel skeelerjen op 'e baan pakt. Op it EK yn Heerde (Oerisel) helle De Vries moandei al in twadde plak op de 1000 meter.

Se helle tiisdei opnij in twadde plak, no op de 5000 mter ploegen efterfolging. Frankryk wie in fraksje rapper. Dochs binne de prestaasjes fan De Vries opfallend om't Nederlanners it oars net sa goed dogge op piste of baan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)