Elma de Vries nei wrâldbeker

28 okt 2007 - 15:59
  • Elma de Vries pleatst har foar de wrâldbeker (foto Martin de Jong)

Maratonreedrydster Elma de Vries fan de Haule en Mireille Reitsma fan Emmeloard hawwe har pleatst foar de wrâldbekerwedstriden.

Op de fiif kilometer waard Mireille Reitsma tredde yn 7:21.45 en Elma de Vries fjirde yn 7:23.27, dat is genôch om oan de World Cup-wedstriden mei te dwaan. Gretha Smit wûn de fiif kilometer yn 7:09.23. Wieteke Cramer waard 9de op de 5 kilometer yn in tiid fan 7:36.34.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)