Elma de Vries fjirde op 5 km

01 nov 2009 - 15:51
  • Elma de Vries op it NK ôfstannen (foto: Martin de Jong)

Reedrydster Elma de Vries, earder fan De Haule, is snein fjirde wurden op de 5000 meter by de Nederlânske kampioenskippen ôfstannen. Dit plak jout rjocht op dielname oan de earstfolgjende wrâldbekerwedstriid op dizze ôfstân. Elma ried 7.20,46.

Renate Groenewold wûn de fiif kilometer op Thialf yn 7.14,91. Moniek Kleinsman pakte it sulver en Gretha Smit it brûns.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)