Elma de Vries 4e op EK

28 jul 2007 - 10:46
  • Elma de Vries bêste Nederlanner op 15-kilometer-puntekoers

Elma de Vries fan De Haule is freed by it EK Skeelerjen fjirde wurden op it ûnderdiel 15-kilometer-puntekoers. Se wie dêrmei de bêste Nederlanner. De Vries moast it foaryn dwaan sûnder de stipe fan lângenoaten. De oare Nederlânske froulju einigen as 19e en 22e.

Elma de Vries waard op datselde EK yn Portugal earder al earste op de tûzen meter. Dat wie de earste Nederlânske gouden medalje ea by in EK Skeelerjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)