Elma de Vries 3e yn Wolvegea

18 maaie 2008 - 16:14
  • De froulju ûnderweis (foto Lenus van der Broek)
  • De Kolombianen fiere feest nei twa oerwinnings

Elma de Vries is tredde wurden by de twadde Hollân Inline Cup en tagelyk wrâldbekerwedstriid skeelerjen yn Wolvegea. Yn in swiere wedstriid oer 46,3 kilometer mei in protte wyn siet Elma de Vries yn in kopgroep fan trije froulju. De Kolombiaanske Alexandra Vivas wie de rapste fan de trije en wûn de wedstriid.

Nadine Gloor út Switserlân waard twadde. By de manlju kamen de Friezen net yn de buert fan it poadium. Ek dêr gong de winst nei Kolombia.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)