Elkien wol fersakke huzen oernimme foar folle legere priis

29 aug 2015 - 15:30
  • De Noarderdwersstrjitte yn Grou

Wenningboustifting Elkien wol de fersakke huzen yn de Noarderdwersstrjitte yn Grou oernimme foar 40 persint fan de wearde. Se wolle de huzen slope en nije huzen bouwe. Dat is no lestich, omdat it foar in part om hierhuzen giet en foar in part om keaphuzen.

De hûseigeners binne net tefreden mei it bod. "Wy sykje in oplossing sadat we fierder kinne", seit in bewenners tsjin Omrop Fryslân. "As wy mar fjirtich prosint krije, kinne se gjin nij hûs keapje." De bewenners wolle no dat de gemeente of de provinsje ek jild op it kleed lizze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)