Elkien slút wenwinkel Grou

02 jan 2012 - 15:52

Wenningboukorporaasje Elkien slút de wenwinkel yn Grou. Neffens Elkien meitsje der te min minsken gebrûk fan. De wenwinkel fan Elkien is húsfeste yn de eardere Halbertsmafilla yn it sintrum fan Grou. De wenwinkels fan Elkien yn Ljouwert, Boalsert en De Gordyk bliuwe iepen.

De wenningboukorporaasje is no op syk nei in nije hierder foar de eardere Halbertsmafilla yn Grou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)