Elkien djoerder út yn SWF

12 nov 2010 - 15:04

Troch de fúzje yn de Súdwesthoeke moatte wenningkorporaasjes flink mear belesting betelje. Dat komt omdat yn de nije gemeente net allinnich de brûker foar rioelrjocht betellet, mar ek de eigner. Yn guon fan de âlde gemeenten wie dat noch wol sa.

De grutste klap is foar Elkien. Dy moat yn 2011 goed 190.000 euro mear betelje as yn 2010. Neffens de wenningkorporaasjes betsjut dat dat se yn it kommende jier minder jild hawwe foar renovaasje en nije projekten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)