Elkien ûniens mei Monasch

19 jan 2012 - 19:10
  • Elkien

Wenningkorporaasje Elkien ûntkent mei klam debet te wêzen oan krimp op it plattelân. Earder beskuldige PvdA-Twadde Keamerlid Jacques Monasch Elkien der fan dat it plattelân minder leefber wurdt, omdat de wenningkorporaasje huzen ôfstjit yn de lytsere doarpen.

Neffens Elken is der net in soad belangstelling mear foar wenjen yn lytse doarpen. Minsken kieze foar gruttere kearnen mei foarsjennings.

De wenningkorporaasje seit fierder de kommende fyftjin jier mar 57 wenningen ôf te stjitten. De measte dêrfan wurde ferkocht en bliuwe dêrtroch as wenromte beskikber, mar in tsiental wurdt sloopt. Elkien hat mei-elkoar 10.000 huzen op it Fryske plattelân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)