Elk wolkom yn nije Teatskehûs

06 jan 2007 - 12:12

Aldere ynwenners fan Wymbritseradiel binne ek yn de takomst wolkom yn it Teatskehûs yn Blauhûs as se dêr net wenje. Se kinne dêr komme om gesellich by inoar te sitten en wat leuks te dwaan, mar ek om mei inoar te iten.

It fersoargingshûs yn Blauhûs wurdt hast sloopt. It moat plak meitsje foar in soarchsintrum mei 25 plakken en 18 oanleunwenten. Yn it âlde Teatskehûs koene minsken dy't der net wennen, ek al ite of rekreëarje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)