"Elk doarp syn eigen sinnepark yn gemeente Hearrenfean"

11 feb 2016 - 17:28
  • Sinnepark

Yn de gemeente Hearrenfean komt romte foar de oanlis fan sinneparken. Neffens de gemeente is it yn de takomst mooglik om by elk doarp of plak in sinnepark oan te lizzen. De grutte fan it park hinget ôf fan it enerzjyferlet yn it doarp.

By Akkrum-Nes, Aldeboarn en Aengwirden binne al enerzjykorporaasjes dwaande mei plannen. De gemeente wol dat earst sjoen wurdt nei in plak yn it doarp sels. Slagget dat net, dan kin it bûtengebiet oan de râne fan it doarp brûkt wurde. Oan de A32 en de A7 komt romte foar gruttere sinneparken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)