Elizabeth van Tuinen-Terpstra krijt keninklike ûnderskieding

18 feb 2016 - 20:57

Yn kafee De Brouwerij yn Sint-Jabik is tongersdeitejûn in keninklike ûnderskieding útrikt oan Elizabeth van Tuinen-Terpstra (78). Se krige it lintsje ta lid yn de Oarder fan Oranje Nassau foar har belutsenheid by de gymnastykferiening en de tennisferiening yn it doarp.

Fan 1968 oant 1986 wie frou Van Tuinen-Terpstra bestjoerslid fan de gymnastykferiening. Se is no noch aktyf as sjuerylid. By de tennisferiening organisearret se toernoaien en kampioenskippen, bygelyks de Biltse Cup.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)