Alvestêdekuierder Jan van Strien betocht yn Dokkum

16 maaie 2015 - 12:20
  • De soannen fan Jan van Strien dwaande mei de alvestêdekuiertocht

De kuierders fan de Alvestêdetocht hawwe senontemoarn de dea fan Jan van Strien betocht. De man út Baflo rûn de Alvestêdetocht fiif kear, mar by de edysje fan ferline jier waard hy foar de start yn Dokkum net goed en ferstoar hy letter yn it sikehûs oan de gefolgen fan in harsensynfarkt.

Dit jier rûnen syn beide soannen mei as earbetoan oan harren heit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)