Elfstedenhal Ljouwert offisjeel iepen foar publyk

26 sep 2015 - 12:39

De nije Elfstedenhal yn Ljouwert is sneon offisjeel iepene. De ôfrûne wiken wiene der al in oantal aktiviteiten, lykas pronkriden en trainingen fan de profesjonele ploegen, mar fan sneon ôf giet it echt los. De earste reaksjes fan de riders binne posityf, sawol oer it iis as de hal op himsels.

De âlde iishal wurdt ôfbrutsen. Dêrby is in punt fan oandacht noch wol it asbest dat der yn sit, mar neffens direkteur Johan Van der Kooi fan de iishal wurdt dat netsjes oprêden en is it terrein oan de ein fan it jier skjin en oplevere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)