Elektryske taksys yn Ljouwert

26 nov 2008 - 09:42

De gemeente Ljouwert keapet twa elektryske taksys. De gemeente brûkt no al tsjinstauto's dy't op ierdgas en biogas ride. Mar Ljouwert wol noch fierder gean op it mêd fan duorsumheid en docht dêrom in proef mei de twa elektryske taksys.

As de auto's goed befalle, dan wol de gemeente yn de takomst noch mear dwaan mei ferfier op stroom. De elektryske taksys sille troch taksybedriuw Kijlstra ynset wurde foar it ferfier fan learlingen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)