Elektryske sike-auto op Skylge

15 maaie 2009 - 12:58
  • De auto dy't op Skylge komt te riden(foto: Pepping)

Op Skylge rydt fan dizze simmer ôf in elektryske sike-auto. It eilân hat dêrmei in primeur, want it is foar it earst dat in ambulânsetsjinst in elektryske auto op 'e dyk hat.

It ambulânseferfier op Skylge wurdt fersoarge troch UMCG-Antonius Ambulancezorg. Dat bedriuw hat bewust foar Skylge keazen, foar in elektryske sike-auto. Skylge wurket deroan om it meast duorsume eilân fan it Waadgebiet te wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)