Elektryske OV-fyts yn Ljouwert

09 jun 2011 - 18:16

Treinreizgers dy't faak in OV-fyts brûke, kinne tenei wat minder hurd traapje. De NS sil freed yn Ljouwert nammentlik de earste elektryske OV-fytsen yn gebrûk nimme. It giet earst om in pilotprojekt.

Neist Ljouwert binne de elektryske fytsen ek te finen yn ûnder oare Breda, Den Haach en Rotterdam. De provinsje stipet de pilot en hopet dat it minsken stimulearje sil om faker de trein te nimmen. Yn Ljouwert binne yn totaal 10 elektryske fytsen beskikber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)