Elektryske auto's op NHL boud

17 jun 2011 - 14:12
  • Foto: Rob Pieters, Omrop Fryslân

Earstejiersstudinten technyk fan de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert hawwe yn tsien dagen tiid twa elektryske auto's boud. De ûnderdielen komme foar in grut part fan elektryske scooters. De nije auto's binne in twasitter en in iensitter.

By de presintaasje foel daliks op dat de weintsjes tige stil ride. It twasitsmodel mei fjouwer tsjillen kaam ta 30 km yn de oere op de 100 meter. De iensitter wie mei 35 km yn 'e oere noch wat rapper.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)